Pleinpraat #35 Ik praat mei myn ferstoarne mem

Myn mem Bea is in pear jier lyn ferstoarn. Dat wie in hiele drege perioade foar my. Foaral ek om ’t ik noch jong wie. Gelokkich giet it no folle better mei. Ik wenje by myn leave beppe en dat giet goed. Mar dochs sit ik noch mei in wichtige fraach. Ik bin opfoeden troch allinnich myn mem. Myn heit wie der net. Dat fûn ik froeger net slim want ik wist net better. Mar letter kamen de fragen. Wa bin ik? Wêr kom ik wei? Wa is myn heit? Jammer genoach hat myn mem my dêrop nea antwurd jaan kint. Wêrom net? Dat wit ik net. En no is myn mem dus ferstoarn en wit ik net wa’ t myn heit is. Do fielst him wierskynlik al. Yn dizze fideo wol ik graach mear te witten komme oer myn heit.  Fynsto dit ek in goede fraach?

Alle útstjoerings fan Pleinpraat