- 10/08/2012
6. it Deiboek - Sirkus Kekke bestiet no al in jier. Kekke hat in deiboek byholden. As Boer en Kekke efkes fuortmoatte, lêze de oaren it deiboek. Se skrikke bot. Se lêze dat Kekke himsels hiel fantastysk fynt en dat er net tefreden is oer ein, hynder, baarch en ezel. Sadree’t Kekke werom is, meitsje se him dúdlik dat se bot teloarsteld binne. Kekke begrypt der neat fan. Soene de bisten it wol goed lêzen hawwe?