Sirkus Kekke 31 - It geheim fan de smid

31 It geheim fan de smid - It is winter en iiskâld. Sels de trekker fan Sirkus Kekke is beferzen. Moarns betiid hearre de bisten ynienen in hurde klap. Se gean nei bûten ta en sjogge dat der in bestelbus by de dyk delgliden is en no heal yn de beferzen feart leit. De bestjoerder leit mei syn holle op it stjoer. De bisten rêde de bestjoerder út de auto en bringe him yn de waarme tinte. Dêr sliept er in hiel skoft. As er wekker wurdt wit er net mear wat der bard is. Hy wit sels net hoe't er hjit. Hy is syn geheugen kwyt. Neffens Ezel is de man in smid, want dat stiet op it buske. Mar neffens de oare bisten kin dat net. Dêrfoar hat de man fierstente moaie klean oan en rûkt er fiersten te lekker.As Ein de radio oan set en der in moai ferske foar komt, krijt de man ynienen syn geheugen werom. Hy is wol in smid... mar net in smid mei in d.....
Alle útstjoerings fan Sirkus Kekke