- 05/01/2010
De meiwurkers fan Studio F nimme in nije plysjesearje op. Tidens de repetysjes sjogge se op dat der yn Jorwert in grutte iepeningsshow is yn ferbân mei de start fan it nije seizoen skoalradio/skoaltelevyzje. Studio F wol dêr ek hinne! Dus soargje Mieke, Eabele, Oebele en Appy derfoar dat se harsels presentearje kinne foar 600 bern dy't yn de notaristún fan Jorwert sitte.