- 21/01/2010
Wat foar minsken sjogge alle dagen yn de takomst? Krekt, dat binne waarmannen.Sy meitsje altyd nije foarspellings oer wat der de kommende dagen mei it waar barre sil. Eabele wol syn kollega's fan Studio F noch eefkes leauwe litte dat in waarman it waar sels makket, mar Mieke giet nei ús ferneamdste Fryske waarman en siket it út. Underwilens betinke Eabele, Oebele en Appy in idee om dóchs sels waar te meitsjen. Dat liket te slagjen.