- 17/11/2012
Kornelia hat it smoardrok. Dan freget Tomke ek noch oft se syn fyts meitsje wol. 'Ik bin gjin 'tûzenpoat' ropt se. Dat bringt Tomke en Romke op in idee. Yn Fratsen ha de bern in âld wyfke foar de gek. Se dogge krekt oft se earme berntsjes binne. Dat begruttet is wyfke bot. It lietsje giet hjoed oer 'De waskmasine'.