Les 5: SJONG junior
SJONG JUNIOR
Ha jimme ek nocht yn muzyk yn 'e klasse? Dat soe moai wêze want op it stuit binne acht skoallen drok dwaande mei harren nije Sjong Junior hits! En dat wolle wy fansels graach mei jimme diele. De kommende fjouwer wiken stelle Raynaud, Laura en Willem de skoallen oan jimme foar en dûke wy de wrâld fan muzyk yn. Elts nij diel mei in eigen tema, nammentlik 'ritme','melody', 'harmonie' en 'dynamiek'. Dogge jimme ek mei?







