Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Opa is slim siik. En dat hat in grutte ympakt op de bern. Mar hoe giest dermei om as dyn bern dêr fragen oer stelle. As mem ha ik it der soms dreech mei. Ik wol earlik en iepen te wêzen, mar besykje ek de moaie saken te bepraten.