Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Ik begjin de wike mei in nerfgefjocht yn ’e tún mei de bern – gaos fansels! Dêrnei haw ik fan alles op de planning: de boekpresintaasje fan myn earste berneboek moat ik hielendal sels regelje, ik gean nei de kapper foar in simmer-look, want ik doch ynkoarten mei oan it Grut Frysk Diktee. Spannend! Tusken troch presintearje ik mei Raynaud Ritsma de Alvestêdebattle yn ’e Elfstedenhal yn Ljouwert. En dan komt der nei de boekpresintaasje ek noch in toer lâns 40 basisskoallen. Lekker drok, mar hiel leuk!