Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Foar myn nije fideoklip ha ik in hiel soad klean kocht. It nûmer dêr’t ik in klip by meitsje hjit Aventoer en is straks ek te finen fia myn nije boek. Hjoed passe de bern harren outfits. En sels ha ik ek in moai pakje dat my, fansels, krekt net lekker sit.