Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Sneon sille Fokke Timmerman en Jelke lang om let dan dwaande mei ús nije hal. Dêr komme grutte ruten yn ’e muorre dêr’t Fokke de kezinen foar makke hat. Ik set de boel hjoed yn ’e farve sadat de mannen dêr net op hoege te wachtsjen.