Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Dizze wike stiet hielendal yn it teken fan de boekpresintaasje fan myn earste sels skreaune boek "Sake ûntdekt in wûndereilân"! Wy hawwe stickers plakt, de boeken klearsetten, de presintaasje dien yn teatertún mei hûndert skoallebern, en ik bin sels noch op 'e radio west om oer myn nije boek te fertellen. Wat in wike!