Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Op ’e iisbaan yn Ljouwert riid Yldau op reedens mei ien iizer ynstee fan dûbbelt! Knap hear! Myn kollega’s binne al in hiel ein mei it bouwen fan it dekôr foar de nije fideoklip. Sels bin ik ferantwurdlik foar de klean dy’t elkenien oan hat. Dêr bin ik drok mei, want neist it útsykjen en bestellen fan klean, moat ik ek guon outfits oanpasse. Boppedat ha ik foar Tsjil in hiel smoarch spultsje opnommen. Bah!