Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Dizze wike ha wy fan alles belibbe! Ik bin flink oan it túnwurk west – oan ’e skaadkant fan ús hûs stek ik nije planten yn ’e border, yn ’e hoop dat se no ris goed groeie. Op earste peaskedei wurdt ús teatertún oernommen troch in kloft bern dy’t fanatyk op syk geane nei peaske-aaien. It wie in feest! Famke fynt de measten en wint in priyke – sa grutsk! En dan op twadde peaskedei: in nij berne geitsje! Sa lyts, sa leaf – wy binne op slach fereale.