Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Ik ha wer in geweldige wike hân! Wy binne gesellich by Jan-Ton west en dêr wie alles moai âlderwetsk. En wat noch moaier is: wy hawwe in fakânsje nei Italië pland mei ús leave freonen Mark, Angelique, Roos, Bella en Sil. Dat wurdt grif supergesellich! Lois hat har swimdiploma B helle, dêr binne wy fansels hiel grutsk op! Fansels moast dat fierd wurde mei wat aardichs en lekkers. Dêrneist hawwe Yldau en ik te winkeljen west foar nije klean en swimspullen. Se wit al krekt wat se wol: alles yn har favorite kleur rôs. Wat in feest! Wy binne prachtich slagge!