Ik bin Tjits en alle dagen upload ik in Fryske floch oer myn libben tegearre mei Jelke, Sake en Yldau yn Broeksterwâld!

Tegearre mei Yldau meitsje ik it hûs klear foar Peaske. En wy geane nei de winkel foar in pear kadootsjes. Yldau helpt my by it útsykjen en fynt ek wat foar harsels. Thús is it yntusken in binde dus ik ha efkes lekker himmele. Is it hûs net fleurich en skjin sa foar it wykein?